|
Invest in Dreams wol meihelpe om moaie dreamen ta wurklikheid te meitsjen. Op it stuit rjochtet Invest in Dreams al har aktiviteiten op it Children Welfare Home yn Nepal, dat derfan dreamt finansjeel selsstannich te wurden en dêrtroch unôfhinklik fan donorjild.
CWH jout minder befoarrjochte bern út de earme lanlike gebieten (rêde út berne-arbeid, wezen, ensfh.) in feilich thús en de middels om nei skoalle te gean, wêrmei't sy har dreamen wier meitsje kinne. CWH hat in bedriuwsplan skreaun foar in buorkerij dy't it tehûs yn 'e takomst finansjeel selsstannich meitsje sil.
Om te helpen it nedige startkaptaal te generearjen foar de buorkerij ferkeapet Invest in Dreams in searje fan kaarten mei full colour portretten fan tolve bern en har dreamen.
Besjoch de kaarten hjirboppe en ynvestearje yn bernedreamen!
investindreams.nl is in ynisjatyf fan Lab Lambriex |
Der wurdt wurke oan in webwinkel. Jo kinne no al fia e-mail de kaarten bestelle en feilich mei jo creditcard betelje fia PayPal of mei jo bankrekken.
Set fan tolve kaarten mei slûf: € 13,50 de set.
+ ferstjoerkosten yn Nederlân:
1 set of 2 sets:
€ 1,67
3 sets of 4 sets € 2,20
5 o/m 24 sets € 2,64
Bestelle fia e-mail »
Jo krije nei jo bestelling
in betellingsfersyk fia e-mail.
De kaarten binne der ek yn it Nederlânsk en it Ingelsk.
|